【图】德普眼光不服不行 三大前任美出天际发型大pk
De Taheakken op it Boek Dani?l binne trije lettere tafoegings oan Dani?l, dat in boek is fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Fan dy trije tafoegings, te witten Azarja (of it Liet fan Azarja), Suzanne en Bel en de Draak, binne de lêste beide inkeld yn it Gryksk oerlevere en net ien fan trijen steane se yn 'e joadske Tenach. Likemin meitsje se diel út fan it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel sa't dat yn 'e bibels gearstald is dy't yn gebr?k binne by de protestantske denominaasjes, mei't de protestanten se apokryf achtsje (al lit de Anglikaanske Tsjerke se yn syn bibels wol ?fprintsje, mar inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, hearre dizze tafoegings wol ta de kanon en meitsje se gewoan ?nderdiel út fan it boek Dani?l. En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhalde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurde de Taheakken op it Boek Dani?l fermeld by de apokrife boeken as in bylaach by it Alde Testamint.
Azarja, dat yn bibels dy't it as kanonyk besk?gje in passaazje yn Dani?l 3 foarmet (folgjend op Dani?l 3:23), omfettet it gebed fan 'e Joadske balling Azarja, in koarte oergong fan proaza en de lofsang fan him en syn beide maten Chananja en Misjael. Suzanne, dat as ?nderdiel fan 'e kanon as haadstik 13 efter it boek Dani?l oan plakt wurdt, fertelt it ferhaal fan 'e frou mei deselde namme, dy't troch twa aldere rjochters ferge wurdt om seksu?le omgong mei harren te hawwen, mar wegeret, en krekt op 'e tiid rêden wurdt. En Bel en de Draak, ta ein beslút, dat yn roomske en easters-otterdokse bibels as haadstik 14 fan it boek Dani?l op Suzanne folget, is opboud út trije ?nderskate ferhalen, twa dêr't Dani?l de ?fgoadetsjinst fan 'e Babyloani?rs yn bestriidt en in trêden wêryn't Dani?l yn 'e liuwek?le smiten wurdt, en rêden wurdt mei help fan 'e profeet Habakuk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|