Ryn | ||
![]() | ||
De Ryn mei it streamgebiet | ||
geografy | ||
lan | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() | |
?ntspringt yn | ![]() | |
lokaasje boarne | 46° 38' 24.3" NB, 8° 39' 29.8" EL | |
m?net út yn | ![]() | |
lokaasje m?ning | 51° 58' 54" NB, 4° 04' 50.0" EL | |
sifers | ||
lingte | 1.238,8 km | |
hichte boarne | 1.602 m |

De Ryn is in Jeropeeske rivier fan 1.230 km. De rivier begjint yn Switserlan, wurdt dan de grins mei Lychtenstein, dan de grins mei it Eastenryk en dêrnei de grins mei Dútslan. De Ryn giet fierder as de grins tusken Dútslan en Frankryk en dan troch Dútslan fierder oant er yn Nederlan komt. Dêr split de Ryn him yn de Waal, de Isel en de Lek. De Waal en de Lek rinne fierder nei it westen en komme úteinlik út yn de Noardsee; de Isel giet nei it noarden en komt út yn de Iselmar.
Sydrivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ryn hat in streamgebiet fan 185.000 km2. Njonken de Ryn sels lizze yn dit gebiet in tal sydrivieren fan de Ryn, mei oaren de Are, de Nekker, de Main, de M?zel, de Laan, de Siich, de Roer en de Lippe,
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ryn en de Donau foarmen it grutste part fan de ynlanske noardgrins fan it Romeinske Ryk. S?nt dy tiid hat de Ryn altyd wichtich west foar it ferfier fan guod en minsken nei en fan de binnenlannen fan Jeropa. De Ryn hat ek altyd definsive betsjutting han en de basis west foar regionale en ynternasjonale grinzen. De protte kastielen en prehistoaryske fortifikaasjes oan de rivier tsj?gje fan it grutte belang fan de rivier as wetterwei. Op dy plakken koe it rivierferkear tsjinhalden wurde, meastal foar it heffen fan tol troch de steat dy't in beskaat stik fan de rivier behearske.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ryn folle alder as tocht Faqt, 18 maaie 2012
- Aktuele ynformaasje - Rykswettersteat
- Nederland leeft met water
