新疆“三品一标”事业助力新时代农业绿色发展
| |||||
![]() | |||||
Offisjele taal | Birmaansk | ||||
Haadstêd | Naypyidaw | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
678.500 km² 3,06-% | ||||
Ynwenners (2013) | 55.167.330 | ||||
Munt | Kyat (MMK) | ||||
Tiids?ne | UTC +6,5 | ||||
Nasjonale feestdei | 4 jannewaris | ||||
Lankoade | MMR | ||||
Ynternet | .mm | ||||
Tillefoan | 95 |
Myanmar of Birma is in lan yn Súdeast-Aazje. It lan hjit s?nt 21 oktober 2010 offisjeel Republyk fan de Uny fan Myanmar, fan 1989 oant 2010 hjitte it Uny fan Myanmar. De haadstêd is s?nt 7 novimber 2005 it sintraal yn it lan lizzende Naypyidaw. De alde haadstêd Rangoon (Yangon), de grutste stêd fan it lan, wurdt ?nder oaren troch Belgi?, de Europeeske Uny en de Feriene Steaten noch altyd as haadstêd besk?ge. Nederlan erkent de nije haadstêd wol.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Myanmar wurdt begrinzge troch:
- Sina yn it noarden;
- Laos yn it easten;
- Tailan yn it súdeasten;
- de Andamaanske See en de Baai fan Bingalen yn it suden;
- Banglades en Yndia yn it westen.
Lanskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Myanmar hat oan de grinzen r?nom hege bergen. It mei oerwalden begroeide Arakanberchtme is in útrinner fan de Himalaya. Eastlike fan dat berchtme leit in tinbefolke leechflakte, it Shan-plato, dy't it streamgebiet foarmet fan de Irrawady. Dy rivier befloeid it grutste rysikkerlan fan de wrald.
It lan hat in tropysk klimaat en leit yn in moessons?ne. Populêre toeristenbestimmingen binne de boedistyske monuminten yn Yangon en Pagan en de prachtige natoer fan it Shan-plato.
Foar de kust lizze ek in protte eilannen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 8e iuw waard it gebiet fan Myanmar kolonisearre fanút Sina en yn de 13e iuw troch de Mongoalen ferovere. De striid om Myanmar troch ferskate riken einige yn 1752 doe't it hiele lan ?nder ien Birmeesk bewald brocht waard.
Yn de rin fan de 19e iuw waard Myanmar yn in trijetal oarloggen (1824-1826; 1852 en 1895) alhiel by Britsk-Yndia ynlive en stie it ?nder Britsk bewald. Yn 1937 krige it selsbestjoer ?nder in Britsk g?verneur en yn 1948 folge in folslein ?n?fhinklik parlimintêre demokrasy b?ten it Britske Mienebest.
Under premier U Nu ori?ntearre Myanmar harren hieltyd mear op it kommunistyske Sina, mar tidens de kulturele revoluzje ferkoelden lykwols de betrekkingen. U Nu waard yn 1962 troch it leger ?fsetten en folge in militêr rezjym dat s?nt dy tiid alle besikingen om te demokratisearen tsjinholden hat.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Myanmar bestiet út in protte etnyske groepen, ?.o. de Birmanen (69%), Sjan (9%), Karen (6%), Arakanezen (5%), Mon (2%) en de Katsjin (1%).
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste part fan de befolking is boedistysk (Theravada) (89%). It kristendom (4%: 3% baptisten en 1% katoliken) en de islam (4%) binne de oare wichtige godstsjinsten. Ien prosint fan de befolking is oanhinger fan in natoerreligy, dêr't it leauwen yn geasten (de 'nats'), in wichtige rol yn spilet. Lykwols is dat leauwen ek ?nder de Boedistyske befolking wiid ferspraat.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Birmaansk is de offisjele taal; it wurdt skreaun yn it Birmaansk skrift. Ingelsk wurdt der ek wol sprutsen en de ferskate etnyske groepen hawwe ek har eigen talen.
Ferneamde Birmezen/Myanmarezen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- U Thant (1909-1974), diplomaat
- Aung San (1915-1947), revolúsjonêr
- Tin Moe (1933-2007), dichter
- Aung San Suu Kyi (1945), politika en dissidint