内蒙古首例涉及首府地区百年老字号侵权案一审宣判

Kosmology (fan it Grykske κ?σμο?, kosmos, "wrald", en -λογ?α, -logia, "kennis") is de t?ke fan 'e wittenskip dy't him dwaande haldt mei de stúdzje fan it universum. Kosmology ?nderskiedt him fan astronomy trochdat kosmology ?ndersyk docht nei it hielal as gehiel, wylst de astronomy him taleit op ?nderskate objekten yn it hielal, lykas stjerren en planeten. As term hat 'kosmology' syn oarsprong yn 'e Ingelske taal, mei't it wurd yn 1656 betocht waard troch Thomas Blount foar syn Glossographia. Pas yn 1731 krong it troch yn it Latyn troch it boek Cosmologia Generalis fan 'e Dútske filosoof Christian Wolff.
Natuerkundige kosmology is in t?ke fan 'e astrofysika dy't him taleit op it bestudearjen fan 'e oarsprong, evolúsje en it úteinlike lot fan it hielal. Wichtige ?ndersyksmêden binne de grutskalige struktueren (lykas stjerrestelsels) fan it hielal, de ?nderlinge dynamyk fan dy struktueren, en wat der úteinlik fan it hielal wurde sil. Ek de wetten fan 'e wittenskip dy't op sokke ?ndersyksmêden fan tapassing binne, hearre ta it wurkterrein fan 'e natuerkundige kosmology. De hjoeddeistige kosmology wurdt sterk behearske troch de oerknalteory, dy't besiket en ferienje de waarnimmingsastronomy mei de dieltsjesfysika. Astrofysikus David N. Spergel hat de natuerkundige kosmology omskreaun as in foarm fan historiografy, want "as we nei de romte sjogge, sjogge we werom yn 'e tiid" (in ferskynsel feroarsake troch it einige aard fan 'e faasje fan it ljocht).
Yn 'e religieuze kontekst, dêrfoaroer, is in kosmology in samling leauwensoertsj?gings dy't basearre binne op mytologyske, religieuze en esotearyske literatuer en tradysjes fan skeppingsmyten en eskatology. It giet dan oer de yndieling fan 'e wrald of wralden neffens de lear fan in godstsjinst, faak mei in minskewrald, ien of mear himels en in ?nderwrald of hel en hokfoar oare foarmen fan bestean oft dêr ek mar oan tafoege wurde kinne. Soks is it wurkterrein fan 'e metafysika, in ?nderdiel fan teology, godstsjinstwittenskippen en filosofy.
Ek yn 'e natuerkundige kosmology binne njonken natuerkundigen en astronomen filosofen behelle, om't de kosmology net inkeld op it snijflak tan 'e natuerkunde en de astronomy leit, mar ek in dúdlik reitsflak hat mei de filosofy. Der bestiet hjoed de dei in manske samling fan waarnimmings en oare gegevens dêr't ?ndersikers harren ynsichten oan ?ntliene en harren teoryen op basearje kinne, mar troch de ?ntinkbere ?fstannen yn it hielal moat in grut diel fan 'e kosmology fan needs fuortkomme út giswurk. Sadwaande komt men yn dizze t?ke fan wittenskip sawol wittenskiplike as net-wittenskiplike foarstellen tsjin, en beide kinne skoarre wêze troch oannames dy't net hifke wurde kinne.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ?nder: References, op dizze side.
|