赤峰市妇联孵化妇女儿童社会组织开展社区服务工作

De h?d of it fel (Latyn: cutis) is de sêfte beklaai?ng fan it lichem wringedieren. Oare foarmen fan beklaai?ng fan libbene wêzens, lykas it eksoskelet by lidpoatigen, hawwe har út in hiel oare oarsprong wei ?ntj?n, en ferskille fierders fan in echte h?d op it mêd fan struktuer en gemyske gearstalling. By s?chdieren is de h?d it grutste orgaan fan it lichem, dat mear weaget as alle oare organen mei-inoar. It bestiet út ferskate lagen ektodermaal weefsel, en hat as funksje om 'e ?nderlizzende struktuer fan spieren, bonken, ligaminten, sinen en ynterne organen te beskermjen.
Funksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De h?d is it diel fan it lichem dat omgiet mei de b?tenwrald en de earste ferdigening foarmet tsjin saken as kjeld, waarmte, befriezing, útdr?ging, sykten en patogenen, sinneljocht (ultrafiolette strieling), ensfh. Dêrnjonken hat it ek in sintúchlike funksje as taastorgaan. Neilen en hier, beide besteande út hoarnstof of keratine, groeie út 'e h?d, en fierders omfiemet de h?d switklieren en talkklieren.
Troch ferwaring kin 'e h?d úteinlik syn elastisiteit ferlieze, wat ronfels feroarsaket. As w?nen tichtgroeie, komt der op dat plak gauris in groede of bliuwende skansearring yn 'e h?d te sitten. De h?d is net op alle plakken like tsj?k. Fral op dielen fan it lichem dêr't in soad wriuwing plakfynt, lykas de fuotsoallen, knibbels, earmtakken, hanpalmen en fingerseinen wurdt de h?d tsj?ker troch it opheapjen fan lagen deade h?d, of yl. Op sokke plakken kin de minsklike h?d wol 4 mm tsj?k wêze, wylst it op it tinste plak, op 'e eachlidden, mar ? mm tsj?k is.
De h?d befettet fierders in beskate hoemannichte pigmint, wat wringedieren harren h?dskleur jout. Wat mear pigmint oft der yn 'e h?d oanwêzich is, wat d?nkerder fan kleur oft in bist of minske is. Der besteane op dat mêd guon genetyske ?fwikings, dy't albinisme en melanisme hjitte. By libbensfoarmen dy't oan albinisme liede, de saneamde albino's, ?ntbrekt it pigmint gehiel; bisten dy't dit hawwe, kinne har inkeld yn 'e sinne bejaan as se in tichte pels hawwe; minsken mei albinisme moatte sjen dat se út 'e sinne weibliuwe. Melanisme is it tsjinstelde; libbensfoarmen dy't dat hawwe, binne krekt poerswart (swarte panters, bygelyks).
Behierring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle s?chdieren hawwe teminsten in beskate mjitte fan hier op 'e h?d, sels wetters?chdieren dy't derút sjogge as binne se alhiel hierleas. In protte op it lan libjende s?chdieren hawwe in pels, wat in tichte hierlaach is, en as doel hat om 'e haadfunksje fan 'e h?d (it isolearjen fan it lichem fan 'e b?tenwrald) fuort te sterkjen. In sekundêr doel fan it hawwen fan in pels kin kam?flaazje wêze, wêrby't in bist troch syn hier deselde kleur kriget as syn natuerlike biotoop (d.w.s. bêzje yn 'e woastyn, grien yn it wald of wyt yn 'e poalstreken of by 't winter).
By lanbisten dy't mar amperoan hier hawwe, lykas oaljefanten en noashoarns, is de h?d faak tige tsj?k, om te kompinsearjen foar de ?ntbrekkende isolaasje dy't fersoarge wurdt troch in pels. De h?d fan in protte bisten mei pelzen is lykwols ek tsj?kern?ch dat it ferwurke wurde kin ta lear. Minsken, dy't fierhinne keal lykje te wêzen, binne lykwols dochs oer frijwol har hiele lichem bedutsen mei in rudimintêre laach grutdiels kleurleaze hierkes.
Opbou fan 'e h?d
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1=hoarnlaach
2=epidermis 1+2=opperh?d
3=dermis (learh?d)
4=subcutis
De h?d bestiet út ferskate lagen, en kin r?chwei yn de folgjende dielen ferparte wurde:
- de h?d (cutis)
- de opperh?d (epidermis)
- de hoarnlaach (stratum corneum)
- de heldere laach (stratum lucideum) (komt inkeld yn tsj?kere h?ddielen foar)
- de kerllaach (stratum granulosum)
- de stikelsellaach (stratum spinosum)
- de basale laach (stratum basale) (de earste h?dlaach dy't út libbene sellen bestiet; alle boppelizzende h?dlagen komme hjirút fuort)
- de learh?d (dermis)
- de papillêre laach (stratum papillare)
- de retikulêre laach (stratum reticulare)
- de opperh?d (epidermis)
- de bynweefsellaach (subcutis) (benammentlik bedoeld foar fetopslach)
De h?d by oare bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De h?d fan amfibyen, reptilen, f?gels en fisken wykt frijwat ?f fan dy fan s?chdieren. Fisken en de measte amfibyen hawwe in h?d dy't hielendal út libbene sellen bestiet, mei mar minimale hoemannichten hoarnstof. By in protte amfibyen is de h?d sa tin, dat se der troch sykhelje kinne. By fisken is de h?d meastal oerdutsen mei beskermjende, bientige skobben. Sokke skobben komme nea foar by landieren, al binne de measte reptilen oerdutsen mei oarsoartige skobben, krekt as skobbedieren, dat s?chdieren binne. By f?gels ferfolje fearren deselde funksje as hier by s?chdieren, en beide foarmen fan h?dbedekking binne beheind ta dy spesifike groepen. Krekt as hier binne ek fearren makke fan hoarnstof en groeie se út 'e h?d.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ?nder: References, op dizze side.
|