《绝地求生》不担心抄袭 希望加入自己特色
| |||||
![]() | |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | G?atemala-stêd | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
108.890 km² 0,4-% | ||||
Ynwenners (2004) | 13.000.000 | ||||
Munt | quetzal (GTQ) | ||||
Tiids?ne | UTC -6 | ||||
Nasjonale feestdei | - | ||||
Lankoade | GTA | ||||
Ynternet | .gt | ||||
Tillefoan | 502 |
G?atemala, folút de Republyk G?atemala, is in lan yn Midden-Amearika. De haadstêd is G?atemala-stêd
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]G?atemala wurdt begrinzge troch:
- Meksiko yn it noardwesten;
- Belize, de Karibyske See, Hond?ras en El Salvador yn it easten;
- de Stille Oseaan yn it suden.
Lanskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It lanskip fan G?atemala is meastentiids bercheftich, útsein de kustgebieten. It noarden El Petén is in flak kalkstienplato mei tropysk rainwald bedutsen. De Sintraal Amerikaanske Andes trochsnied it súdlike diel fan it lan fan east nei west. Yn it uterste suden strekt him de heechflakte fan de Sierra Madre út dy't yn de kustflakte lans de Grutte Oseaan oergiet.
De grutste mar fan it lan is de Izabalmar, dat yn ferbining stiet mei de Weach fan Hond?ras. Oan de oare kant fan it lan leit de Mar fan Atitlan, in troch fulkanen omheind mar.
Populêre reisbestemmings binne de goed bewarre bleaune Yndianekultueren (Tsitsikastenango), de Maya-stêden (Tikal) en de koloniale stêden Antigua en Kwujezatenango.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It sintrum fan de alde Maya-kultuer waard yn 1524 troch de Spanjerts ferovere en bleau oant de ?n?fhinklikens yn 1821 in Spaanske koloanje. Fan dy tiid ?f is it lan oanhaldend regeard troch wikseljende diktatueren. S?nt 1986 wurdt de regearing demokratysk keazen, mar pas yn 1997 waard mei in fredesakkoard in ein makke oan de guerilja fan de URNG.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ladino befolkingsgroep dy't bestiet út Mestiezen en blanken meitsje 60% fan it folk út. De oare 40% bestien út Indigenas (Yndianen), dêr't it grutste part ?fstamje fan de Maya. Yn G?atemala bestiet de Mayafolken út 23 ferskate kloften elts mei in eigen taal. Oare yndianefolken binne de Ksinka en de Garifuna.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal fan it lan is it Spaansk, mar troch in oansjenlik part fan de befolking wurde ek Mayatalen sprutsen, fral K'iche', Kakwsjikel, Kw'ekwtsy en Mam. Yn guon, meastentiids achter?f lizzende gebieten yn it lan is de Mayabefolking net twatalich.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste godstsjinst fan it lan is it katolisisme. It protestantisme is de lêste jierren bot yn opkomst, mear as in tredde fan de befolking is ?ndertusken protestant. Om-ende-by 1% fan de G?atemalianen belyd noch in oarspronklike yndiaanske religy, alhoewol't de Maya's harren oarspronklike gebr?ken hiel bot fermongen hawwe mei it katolisisme.